Troch de Frjentsjerter stegen

'Groen van toen'. Dat wie it tema fan de Iepen Monumintedei dy't sneon holden waard. Under oare troch it prachtige waar waard it evenemint in grut sukses. Rûnom yn Fryslân wiene aktiviteiten organisearre dy't mei tunen en lânskip te krijen ha.
De kommisje yn Frjentsjer hie ynfolling oan it tema jûn troch ûnder oare it útsetten fan in fytstocht troch it lânskip om Frjentsjer hinne en in stedskuier troch it sintrum, mei as doel om de stêdstunen achter de wenten te besjen. Dy wienen spesjaal foar dizze gelegenheid iepensteld.
En dat betsjutte in bysûndere ekspedysje troch de lytse steechjes fan Frjentsjer.