Drugsoanhâldings by Nijtap

08 sep 2012 - 12:49
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje hat freed by Nijtap by Drachten trije manlju oanhâlden dy't drugs by har hiene. It trio, twa manlju fan 17 en 20 jier út De Pein en in Drachtster (27), sieten yn in auto. Plysjeminsken fertrouden de saak net en kontrolearren de manlju.

De 27-jierrige man smiet gau twa pûdsjes mei speed fuort. De beide oaren hiene speed en hasj by harren. De manlju binne meinaam nei it buro. De drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)