Bus Hemriksein fierhinne leech

Der wurdt te min gebrûk makke fan 'e spitsbus by parkearplak Hemriksein. Op in dei sitte 12 minsken yn 'e bus fan it parkearterrein rjochting Ljouwert. It doel wie minimaal 30. De P+R is oanlein fanwege de drokte troch de ferbouwings oan it Drachtsterplein.
De oanlis fan it parkearterrein en it riden fan 'e bussen kostet 7 ton. Oan 'e ein fan it jier wol de wurkgroep Werk Slim, Reis Slim op syn minst 30 minsken deis yn 'e bussen ha. De bus wurdt ôfskaft as dat tal net helle wurdt. It parkearplak bliuwt dan wol bestean as carpoolplak.