Pinpas fan frou (88) stellen

© ANP
In ynwenster (88) fan Ljouwert is earder dizze wike bestellen fan har pinpas yn de lift fan har wente. De frou kaam werom fan it boadskipjen doe't in ûnbekende man har oanspruts. Hy fertelde dat er in briefke fan 20 fûn hie dat mooglik fan it slachtoffer wêze soe. Doe't de frou yn har beurs seach, pakte de man har pinpas.
Efkes letter waard in grut jildbedrach fan har rekken helle.