Fraude-ûndersyk Súdwestfryslân

08 sep 2012 - 11:41
  • Artists' impression fan nije wenwyk de Houkepoort yn Snits

De ryksresjerzje docht ûndersyk nei in mooglike miljoenefraude by de gemeente Súdwest-Fryslân. Dat meldt de Ljouwerter Krante fan sneon. In topamtner fan de gemeente wurdt fertocht fan it sjoemeljen mei kontrakten foar útwreidingsplan Houkepoort by Snits. It soe mooglik om in bedrach fan 7 miljoen euro gean. De amtner is by it boppe wetter kommen fan de fraude op non-aktyf set.

De gemeente befestiget dat der in ûndersyk geande is, mar wol sa lang as it ûndersyk rint net op de saak yngean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)