Oerheid moat krimp tsjingean

08 sep 2012 - 08:55

Goed seis fan de tsien Friezen fine dat de oerheid jild stekke moat yn it plattelân om de krimp tsjin te gean. Mear as 30 prosint fynt dat de provinsjale polityk dat dwaan moat, wylst hast in kwart it in ferantwurdlikheid fan it Ryk fynt.

Dat docht bliken út in enkête fan Omrop Fryslân en EenVandaag oer de krimp. In lytse mearderheid fynt dat de oerheid lytse skoallen oerein hâlde moat, ek as der minder as 25 bern op sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)