PvdA, SP populêr op ROC

07 sep 2012 - 16:48

It bedriuwsrestaurant fan it Friesland College yn Ljouwert siet freed ôfladen fol by it ferkiezingsdebat foar MBO-studinten. By it debat sieten hûnderten jongeren dy't nije wike foar it earst stimme meie. Sy harken mei in soad oandacht nei ûnder oare de Fryske Twadde Keamerleden Jacobi fan 'e PvdA en Berndsen fan D66.

De studinten ha har twa dagen lang ferdjippe yn de nasjonale polityk. De politike foarkar fan de studinten waard ek peild. Neffens de lêste peiling stimme de measte studinten links, want fral de PvdA en de SP binne populêr.

Neffens de MBO'ers komme dy partijen it bêste op foar de belangen fan it beropsûnderwiis en studinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)