Oarlochsmonumint wer fernield

07 sep 2012 - 12:54
  • oarlochsmonumint sonnegea fernield

It oarlochsmonumint by Sonnegea is op 'e nij fernield. It pleksyglês oan de foarside fan it ynformaasjeboerd by de tinkstien oan de krusing fan De Meenthe en de Saswei is stikken. Earder is al ferskate kearen graffity op it boerd spuite. De fernieling is snein ûntdutsen. Doarpsbelang hat oanjefte dien en hopet dat de plysje de fandalen gau fynt.

It monumint is der yn 2009 kaam ta neitins oan sân bemanningsleden fan in Ingelske bommewerper dy't yn desimber '43 yn in stik lân by Sonnegea delstoarte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)