Frisse Wind:boykot foar 1 kear

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De boykot fan de riedsgearkomste troch de fraksje fan Frisse Wind fan woansdei wie yn prinsipe mar foar ien kear. Dat seit partijfoarsitter Ton van der Plas fan Frisse Wind. Woansdei kaam de trijekoppige fraksje net opdaagjen by de riedsfergadering. Se fine dat it kolleezje de ynwenners fan Harns net serieus nimme yn de diskusje oer de REC. De boykot soe jilde foar mear gearkomsten, mar dat is net de bedoeling wurdt no sein. It partijbestjoer stipet de fraksje en stelt dat it tastien is om soms sa'n aksje út te heljen.
Boargemaster Sluiter fan Harns neamde de aksje fan Frisse Wind-fraksje 'moreel verwerpelijk'. Der hat noch gjin kontakt west tusken boargemaster Sluiter en de fraksje fan Frisse Wind. De partij seit nije wike mei in ferklearring te kommen. Oant no ta wolle se neat sizze oer de sitewaasje.