Thorbecke: minder yn dieltiid

07 sep 2012 - 11:58

De Thorbecke Akademy yn Ljouwert hat yn de lêste fjouwer jier fjirtich prosint mear studinten bykrigen. It gie fan 500 nei 700. It tal dieltiid-studinten stiet lykwols ûnder druk, om't ûndúdlik is oft se in langstudearboete krije of net. Dat sei direkteur Danny Buma freed by de iepening fan it akademysk jier. Hy fynt it spitich dat dieltiid-studinten fuortbliuwe fanwege saken as in langstudearboete.

De Thorbecke Akademy is in hbo-oplieding foar bestjoerskunde en is ûnderdiel fan de NHL Hegeskoalle. De akademy ûntstie goed 25 jier lyn.

Mei de iepening fan it nije stúdzjejier is ek it nije logo fan de oplieding presintearre.

Trefwurden: 
Thorbecke Akademy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)