Reade disel moat net djoerder

07 sep 2012 - 11:29

Oaljeleveransier Halma Agro BV út Sint Anne docht nochris in oprop oan de Twadde Keamer om it belestingfoardiel foar reade disel net ôf te skaffen. Dat soe grutte gefolgen hawwe foar lân- en leanbedriuwen. Dy moatte fan 1 jannewaris ôf tûzenen euro's mear betelje foar de brânstof. No is it noch sa dat de sektor de disel 17 sinten de liter goedkeaper keapje kin.

Partijen as VVD, CDA en D66 wolle it aksyns-foardiel foar de lânbousektor teneat dwaan. It soe yn 2013 al in besparring fan 150 miljoen euro opsmite.

Trefwurden: 
oalje reade disel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)