Oanhâlden foar húslik geweld

Geweld © Omrop Fryslân
In Ljouwerter (62) is tongersdeitejûn oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan syn frou (54). Buertbewenners bellen 112 doe't se seagen dat de frou op strjitte yn Bilgaard mishannele waard. De fertochte is neinaam nei it plysjeburo.
Ek yn Dongeradiel is in man (63) oanhâlden. Hy hie syn frou (56) mei in mes bedrige. Se sleat har op yn de badkeamer en belle de plysje.