Derek yn Hall of Fame

07 sep 2012 - 11:01

Derek Buitenzorg, it hynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân, is opnaam yn 'e Hall of Fame fan de NDR, de Nederlânske Draf en Rensport. Op dizze list steane sûnt 1902 de 49 meast ferneamde hynders fan Nederlân, sa as ûnder oaren Action Skoatter en Jojo Buitenzorg.

Opmerklik is dat fan alle hynders dy't opnaam binne yn de Hall of Fame, Derek it iennige hynder is dat noch gjin inkele koers riden hat. De reden dat Derek opnaam is yn dizze ferneamde list is dat it ferhaal fan Derek him fertelle lit as in mearke.

Trefwurden: 
Derek Buitenzorg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)