Undersyk nei ferloskunde klear

07 sep 2012 - 10:57

De konklúzjes fan in ûndersyk nei de sluting fan ferloskunde yn De Sionsberg wurde tongersdei presintearre. Dat bart yn in ekstra riedsfergadering fan de gemeente Dongeradiel. De ried frege yn maaie om in ûndersyk. Riedsleden hiene twifels oer de needsaak om de ôfdieling fan it Dokkumer sikehûs te sluten en fûnen de feiten net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)