Ynbrekkers tankstasjons pakt

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitejûn twa Ljouwerters (41 en 45) oanhâlden. Se wurde fertocht fan twa ynbraken by tankstasjons oan de Bredyk by Jelsum. Doe't de plysje ûnderweis wie nei in melding fan it ynbraakalaarm, seagen se dat in bestelbus mei faasje fuortried. Nei in koarte achterfolging is de bus yn Ljouwert achterhelle. Yn de wein leine sigaretten en in nepfjoerwapen. De bus is yn beslach naam.