Heler fan winkeldieven pakt

07 sep 2012 - 10:07

De plysje hat yn in ûndersyk nei winkeldieven út Mongoalië in heler út Utrecht oanhâlden. Yn syn hûs fûn de plysje kosmetika mei in wearde fan 150.000 euro. Dat wie stellen by tsien drogisterijen yn Fryslân. De saak kaam yn augustus oan it ljocht doe't twa winkeldieven op de Ofslútdyk oanhâlden binne. Se hiene foar 15.000 euro kosmetika yn de auto. Earder dit jier binne ek al Mongoalske winkeldieven oanhâlden, dy binne yntusken troch de rjochter feroardield. De minsken dy't no oppakt binne, hearre by in grutte groep dieven út Mongoalië.

De plysje ferwachtet noch mear minsken fan dizze binde oan te hâlden.

De Mongoalske winkeldieven dy't foar oardel ton oan guod weinamen by tsien winkels yn Fryslân binne hiel tûk. Esther Rens fan de Etos op It Hearrenfean makke it mei. Yn dizze winkel waard foar 3.000 euro oan parfum en oar rûkersguod weinommen. Neffens Lens wurkje de Mongoalen yn groepkes mei spesjaal preparearre tassen. Ek jouwe de bindeleden inoar sinjalen oer wannear't it feilich is om te stellen en besykje se om de meiwurkers fan de winkels ôf te lieden.

Trefwurden: 
plysje stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)