Adema: doch mei oan ûndersyk

07 sep 2012 - 09:56
  • Piet Adema

Boargemaster Piet Adema fan Achtkarspelen ropt alle manlju yn syn gemeente op om foaral te kommen, as sy in oprop krije foar it DNA-ûndersyk yn de saak Vaatstra. Mear as 8.000 manlju krije in oprop om DNA ôf te stean. Mocht dêr famylje fan de dieder tusken sitte, dan kin er op dy wize pakt wurde. Yn Achtkarspelen falle de doarpen Bûtenpost, Twizel en Twizelerheide yn it ûndersyksgebiet. Marianne Vaatstra waard yn 1999 ferkrêfte en fermoarde by Feankleaster.

Neffens boargemaster Adema moatte minsken yn ûnder oare syn gemeente yn steat wêze om meielkoar de saak noch op te lossen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)