B&W achter Masterplan Grou

De Volmawei yn Grou © Google Street View
Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim freegje de ried om akkoart te gean mei it Masterplan foar de werynrjochting fan de âlde kearn fan Grou. Dan giet it om de Volmawei, de Minne Finne en de Hellingshaven. It plan is makke troch omwenners, grûneigeners en projektûntwikkelers en kin rekkenje op in breed draachflak.
Earder wie der ek al in plan makke om it gebiet te ûntwikkeljen, mar dêr wie in soad ferset tsjin. Dêrnei binne de ferskate belutsen partijen by elkoar sitten gien en kamen se mei elkoar op dit nije masterplan.