Tsjerke fan Wier weriepene

06 sep 2012 - 20:33
  • De opknapte tsjerke fan Wier

Steatssiktaris Halbe Zijlstra hat tongersdei yn Wier de restaurearre tsjerke fan it doarp weriepene. It gebou is fan binnen en fan bûten hielendal opknapt. De restauraasje hat dik 800.000 euro koste. De helte dêrfan is troch it Ryk betelle.

Eigener Stifting Alde Fryske Tsjerken en de ynwenners fan Wier ha har der jierren foar ynset om it jild byelkoar te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)