Webside mei alle Fryske boeken

Bibleteekboeken © ANP XTRA
Leafhawwers fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân kinne dy ynkoarten oanskaffe fia in nije webside. Op www.frieseboekhandel.nl is it folsleine oanbod oan Frysktalige boeken en boeken oer Fryslân te finen en te bestellen.
De webside is in inisjatyf fan boekhannel Wever fan Frjentsjer. Alle Fryske útjouwerijen wurkje der oan mei. De webside giet nije wike freed de loft yn, tagelyk mei it begjin fan de moanne fan it Fryske Boek.