Strân Skier is superskjin

06 sep 2012 - 16:12

It strân fan Skiermûntseach is op twa nei it skjinste fan hiel Nederlân. It eilân hoecht allinne Noord-Beveland en Sluis yn Seelân foargean te litten. It ûndersyk nei de strannen is dien troch de stifting Nederland Schoon. Dy lit ynspekteurs in hiel soad stikken strân kontrolearje.

Skiermûntseach stiet al jierren yn de top tsien. Neffens Nederland Schoon komt dat trochdat it eilân de saken goed foar elkoar hat. Sa binne der by beide strânoergongen ûndergrûnse konteners dêr't minsken har smoargens yn smite kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)