1452 bonnen foar te hurd riden

13 aug 2009 - 10:47

By ferskate snelheidskontrôles yn Fryslân binne woansdei 1452 automobilisten bekeurd. Der waarden yn totaal mear as 5000 bestjoerders kontrolearre op 'e Gordyk, Terherne en Grou. De heechste snelheid dy't metten waard wie 124 kilometer yn 'e oere, dêr't 80 kilometer tastien is.

De plysje kontrolearre op plakken dêr't omwenners klachten hiene oer de snelheid fan it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)