14,5 miljoen foar skoallen

22 okt 2005 - 08:00

De gemeente Frjentsjerteradiel lûkt 14,5 miljoen euro út foar de húsfesting fan it ûnderwiis yn de gemeente. It measte jild giet nei de nijbou fan basisskoalle De Bolder, de útwreiding fan skoallemienskip Anna Maria van Schuurman en de nijbou fan de skoallemienskip Simon Vestdijk.

De skoallen stride al jierren foar mear jild foar ûnderwiis en húsfesting. De ynfestearring fan 14,5 miljoen rint oant 'e mei 2013.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)