Steaten Grins wolle toch spoar

06 sep 2012 - 14:42

Provinsjale steaten fan Grinslân wolle de spoarferbining Grins-Hearrenfean oer Drachten noch net opjaan. De ferbining wie ûnderdiel fan in pakket projekten dat de ekonomy yn it Noarden fersterkje moat.

De provinsje Fryslan hat de stekker al út it projekt lutsen, omdat it projekt 100 miljoen euro djoerder wurde soe. Deputearre steaten fan Grinslân tinke der ek sa oer, mar de steaten fine it noch te betiid foar sa'n definityf beslút. In mearderheid yn de steaten wol it beslút mei in pear moanne útstelle.

Allinnich de PvdA en de PVV stypje it stânpunt fan deputearre steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)