CNV lilk op Aquanaut Snits

06 sep 2012 - 14:12

Der is wol jild foar in sosjaal plan by skipsbouwer Aquanaut yn Snits, mar it bedriuw wòl der gjin jild oan útjaan. Dat seit Marieke den Hollander fan it fakbûn CNV. Earder waard bekend dat 9 fan de 40 meiwurkers dien krije. Dêrfoar hat it fakbûn wol begryp, mar dat de minsken dy't fuort moatte hielendal neat meikrije, is it fakbûn min nei it sin.

It bedriuw bestiet al mear as 50 jier. Aquanaut hâldt him dwaande mei de bou en renovaasje fan lúkse-jachten. Ek dogge se ûnderhâld en ha se stalling foar skippen.

Trefwurden: 
CNV ûntslaggen Aquanaut
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)