Wenwinkel Blaauw wer yn finale

Wenwinkel Blaauw Woonidee út Jobbegea stiet opnij yn de finale fan de ING Retail Jierprijs. Dit is de belangrykste priis foar de retailbranzje yn Nederlân. Blaauw stie yn 2009 ek al ris yn de finale. Se moatte it dit kear opnimme tsjin twa moadewinkels: Stijlmodehuis Blijdesteijn út Tiel en Maggy's Mode út Spakenburch.
Takom wike komt der in delegaasje fan de faksjuery del om it bedriuw te ynspektearjen en de eigeners te ûnderfreegjen oer harren kennis. De útrikking fan de priis is op 14 novimber yn Bussum.