Loftmacht oefenet yn Fryslân

06 sep 2012 - 12:12

De loftmacht oefenet fan takom wike moandei ôf mei F16's boppe Fryslân. Der sil benammen traind wurde op Close Air Support. Yn dizze situaasjes moatte fleantugen soldaten op de grûn bystean.

De fleantugen moatte op goed 450 meter hichte fleane, útsein op spesjaal dêrfoar tawiisde lokaasjes. Dêr kin flein wurde op in hichte fan sa'n 75 meter. De trainingen duorje oant en mei freed 21 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)