Pake en jonkje te wetter rekke

© Omrop Fryslân
Fiskers hawwe woansdeitemiddei in 74-jierrige man út Dronryp en syn pakesizzer út it wetter rêden. De man ried by Dronryp mei syn skootmobyl by it wetter lâns. Hy hie de pakesizzer foarop. Dy luts ûnferwachts oan it stjoer en dêrtroch bedarre de skootmobyl yn de sleat.
Fiskers seagen it ûngelok en holpen de beide drinkelingen út it wetter. Se kamen mei de skrik frij.