'Lêste kâns dieder te finen!'

06 sep 2012 - 11:27

It grutskalich DNA-ûndersyk yn Feankleaster en omkriten is de lêste kâns om de moardner fan Marianne Vaatstra te finen. Boargemaster Aalberts fan Dantumadiel spruts dat út op de parsekonferinsje fan tongersdei. Yn de trije gemeente komme ynformaasjejûnen om fragen oer it DNA-ûndersyk te beantwurdzjen.

Hy joech mei klam oan dat dit ûndersyk ek de mooglikheid jout om famyljes frij te pleitsjen fan belutsenheid by de moard op Marianne. De famylje fan Marianne rekkenet der op dat elkenien oan de oprop gehoar jaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)