Hurdfytser fan de sokken riden
In 32-jierrige hurdfytser út Drachten is woansdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding op De Feart by Drachtsterkompenije.
In 35-jierrige automobilist joech de fytser gjin foarrang. De fytser kaam te fallen. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Grins brocht.