Damwâldsters bedrige mei bile

06 sep 2012 - 10:21

In 32-jierrige automobilist út Damwâld en syn 32-jierrige passazjier út Rinsumegeast binne woansdeitejûn oanhâlden nei't se mei de auto op in groep minsken ynriden wiene en mei in bile bedrige hiene. De bestjoerder ried de groep op De Halewei yn Damwâld klem, wêrnei't rúzje ûntstie. De passazjier drige dêrby mei in bile.

By de aksje hat de bestjoerder ferskate oare ferkearsdielnimmers yn gefaar brocht. De manlju binne oanhâlden, de auto is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)