Silers dogge mei oan Tri-Ambla

06 sep 2012 - 10:20

Silers Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma dogge mei oan de cross-triatlon Tri-Ambla op It Amelân. De Olympyske sulveren medalje winnares Bouwmeester die ferline jier ek al mei. Ek de sylsters Lobke Berkhout en Marcelien de Koning dogge mei. Yn totaal dogge der 850 minsken mei, wêrûnder de Nederlânske kampioenen Judy van de Berg en Tim Dullaart. De triatlon giet oer 1,5 kilometer swimme yn de Waadsee, 35 kilometer fytse en 12 kilometer drave troch it bosk, de dunen en oer it strân fan It Amelân. De Tri-Ambla is op sneon 15 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)