Fytsedief yn Ljouwert oppakt
In 38-jierrige fytsedief út Frjentsjer is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oanhâlden op de Weaze yn Ljouwert. Plysjes seagen de man fytsen op in fyts mei in stikken slot. De man koe him net legitimearje en besocht út te naaien.
De plysje koe him nei in koarte achterfolging opnij oanhâlde. De man sit noch fêst.