DNA-saak Vaatstra op Omrop TV

06 sep 2012 - 06:58

Plysje en justysje kundigje tongersdei in grutskalich DNA-ferwantskipsûndersyk oan om de moardner fan Marianne Vaatstra op te spoaren. Ut it lêste plysje-ûndersyk hat bliken dien dat de kâns hiel grut is dat de dieder út de regio komt dêr't Marianne wenne en yn 1999 om it libben brocht is, De Westereen en Feankleaster.

Yn it DNA-ferwantskipsûndersyk is genetysk materiaal fan ien famyljelid genôch om de hiele famylje te fergelykjen met it spoar fan de dieder. De parsekonfersinsje is fan 11 oere ôf by Omrop Fryslân op tv en omroplive te sjen.

Trefwurden: 
DNA-ûndersyk Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)