Frisse Wind boykot ried Harns

05 sep 2012 - 22:46

De fraksje fan Frisse Wind yn Harns sil tenei de riedsgearkomsten boykotte. Dat hat de fraksje woansdei in healoere foar de gemeenteried fia in e-mail witte litten.

Neffens de fraksje skoffearret it kolleezje de ried en de ynwenners fan Harns yn de diskusje oer de REC. Frisse Wind wol tenei sels ûndersyk dwaan nei de útstjit fan de enerzjysintrale. De oare fraksjes binne lilk op Frisse Wind en neame de stap skandalich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)