Sosjaal plan Sionsberg

05 sep 2012 - 17:20

De direksje fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum en de fakbûnen hawwe woansdei oerlis hân oer it sosjaal plan foar de meiwurkers dy't ûntslach krije. It giet yn totaal om 90 minsken. Mear as 50 fan harren krije in oare baan binnen de soarchgroep.

Foar de 35 minsken dy't oerbliuwe, driget noch ûntslach. Wol set it sikehûs him yn om oar wurk foar harren te finen. Tsien meiwurkers fan De Sionsberg sille staazje rinne by it MCL. Mei it sikehûs yn Drachten is ôfpraat dat meiwurkers út Dokkum foarrang krije by fakatueres.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)