Ungelok Ketelbrêge: A6 ticht

De Ketelbrêge hâlde Ajaxspilers op
De A6 is fan Lelystêd rjochting Emmeloard fanwege in ûngelok by de Ketelbrêge ôfsletten. Neffens de plysje is in frachtwein achterút riden tsjin in reisbus. De sjauffeur fan de bus is beknypt rekke en moast troch de brânwacht út de bus weihelle wurde.
Neffens tsjûgen stie de frachtwein te wachtsjen foar de iepen brêge en wie de sjauffeur útstapt sûnder de wein op de hânrem te setten. Der is in lange file ûntstien. De A6 is in belangrike tagongsrûte foar Fryslân.
Ofrûne snein wie der ek al in steuring by de brêge. Doe stie de spilersbus fan Ajax fêst yn de file. De wedstriid tsjin SC Hearrenfean is dêrom letter begûn.