Swimbad ferwaarmje mei gers

05 sep 2012 - 14:06

It swimbad fan De Gordyk wurdt fan takom jier ôf nei alle gedachten waarm hâlden mei gers. It meanen fan de bermen en de ôffier fan gers kostet gemeenten no in soad jild. Yn Opsterlân wurdt it tenei ôffierd nei in gersdroegerij en dy makket der brokjes fan. Dy kinne yn in spesjale tsjettel en dy moat it swimbad ferwaarmje kinne.

It idee komt fan Sietse Jonker fan Terwispel. De gemeente besparret neffens him twa kear: foar de nije bestimming fan it gers en foar de legere stookkosten fan it swimbad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)