Wurk rûnwei Gordyk begûn

05 sep 2012 - 11:55

Op 'e Gordyk is woansdeitemoarn de oanlis fan de súdlike rûnwei offisjeel úteinset. Deputearre Sietske Poepjes en in wethâlder fan Opsterlân groeven de earste grûn fuort by De Leijen. De ferwachting is dat troch de rûnwei de ferkearsoerlêst yn it doarp folle minder wurdt. No ride alle dagen sa'n bytsje sântûzen auto's troch it sintrum. Takom simmer moat de nije rûnwei klear wêze.

Guon Gordyksters binne benaud dat trekkers mei swiere weinen aanst troch it doarp ride, om't se de rûnwei net op meie. Dat smyt mear leven en gefaar op.

Trefwurden: 
De Gordyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)