Untromming nei gaslek Stiens

05 sep 2012 - 11:13

By wurk oan de brêge yn de Wythústerwei yn Stiens is woansdeitemoarn in druklieding foar gas stikken rekke. Neffens Enexis binne graafwurksumheden yn trije op 'e tsien gefallen de oarsaak fan in gaslek.

De plysje hat de omjouwing ôfset en tsien huzen ûntromme. De brânwacht hie de situaasje frij gau ûnder kontrôle. Echt eksploazjegefaar hat der neffens de brânwacht net west.

Trefwurden: 
gaslek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)