Dronken autorider yn Holwert

05 sep 2012 - 10:34
  • Drank

De plysje hat tiisdeitejûn yn Holwert it rydbewiis fan in 47-jierrige man út Naaldwijk yn beslach naam. De plysje hie in melding krige dat in man dronken achter it stjoer siet. Se seagen de man riden en hâlden him oan.

Op it buro wiisde in blaastest út dat de man te folle dronken hie. Hy krige in rydferbod fan alve oeren. De man moast syn rydbewiis ynleverje en krige ek noch in proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)