Harnzer rêdt stedsgenoat

AED werompleatst op doarpshûs De Fochtel © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
In 51-jierrige Harnzer hat tiisdei it libben rêden fan in 61-jierrige stedsgenoat. De man wie yn sporthal De Waddenhal net goed wurden. De 51-jierrige man belle fuortendaliks de helptsjinsten en begong sels mei de reänimaasje.
Plysjeminsken dy't yn de buert wiene, binne dêr mei de AED mei fierdergien. De hertslach fan it slachtoffer kaam werom. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.