233 inisjativen foar Burendag

04 sep 2012 - 22:40

Yn Fryslân fiere 233 buerten Burendag op sneon 22 septimber. De gemeente Súdwest-Fryslân is de koprinner as it om plannen giet. De bêste plannen krije in bydrage fan it Oranje Fonds. Dat hat in miljoen euro beskikber steld foar goeie Burendag-ideeën. Der binne lanlik al mear as 4000 plannen yntsjinne. Burendag fynt foar de sânde kear plak. Om it allegear noch oantrekliker te meitsjen stelle Douwe Egberts en it Oranje Fonds feestpakketten beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)