Fjouwer jier foar Hells Angel

De rjochtbank fan Ljouwert hat in 46-jierrich lid fan de Hells Angels út Rotterdam ta fjouwer jier finzenisstraf feroardiele foar it fêsthâlden en bedriigjen fan in frou en har soan út Easterwâlde. De Hells Angel hat, tegearre mei twa oare manlju, de frou ferline jier april yn har wente mei de dea bedrige om derachter te kommen wêr't in partij drugs mei in wearde fan 800.000 euro bedarre wie. De man rûn begjin dit jier tsjin de lampe op Koarnwertersân.
De fertochte wist net dat de partij drugs in dei earder troch de plysje yn beslach nommen wie. Hy is faker feroardiele foar swiere misdriuwen.