Braintrainers foar de âlderein

De Soarchgroep Hof en Hiem hat tsien saneamde braintrainers oanskaft foar de bewenners. Dit binne kompjûters wermei't it ûnthâld fan de âlderein yn de soarchsintra traind wurde kin. De skermen stean yn de mienskiplike romten fan de fjouwer soarchsintra fan Hof en Hiem. Ien bewenner hat sels in braintrainer op de keamer. Yn alle gefallen moat der goed neitocht en ûntholden wurde. Neffens de direksje dogge de spultsjes fertuten en fiele de minsken har better as se alle dagen it ferstân efkes traine.