Frou falt yn put
Op it hiem fan in buorkerij oan de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean is tiisdei oan it begjin fan de jûn in frou yn in put fallen. De frou makke in fal fan twa meter en is mei in spesjale tekken troch it ambulânsepersoniel út de put helle. Se is oerbrocht nei it sikehûs. De brânwacht waard ek noch oproppen.