'Lytse biblioteken ticht'

04 sep 2012 - 17:32
  • Boeken biblioteek

Fjouwer of fiif biblioteken yn Súdwest-Fryslân moatte mooglik de doarren slute as it kolleezje fan boargemaster en wethâlders bliuwt by de foarnommen besunigings. Dat seit direkteur Ellen van Albada fan de biblioteken Súdwest-Fryslân. Van Albada wol net sizze om hokker festigings it dan giet, mar it betreft fral de lytsere biblioteken. It giet dan om Wytmarsum, Drylts, Koudum en Warkum en mooglik de krekt iepene festiging yn Makkum.

De gemeenteried is foar de simmer akkoart gien mei in besuniging fan 4 ton op de biblioteken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)