144 wenten Esonstad ferkocht

25 okt 2005 - 16:56

Alle huzen yn de earste fase fan rekreaasjeprojekt Esonstad by Eastmahorn binne ferkocht. Fan de yn totaal 144 wenten wurde dizze wike de earste 15 oplevere.

Esonstad wurdt in sabeare historysk festingstedsje, kompleet mei trep- en klokgevels, in binnenhaven en in waachgebou. De ferhier fan de wenningen is ûnderbrocht by Landal Greenparks. Takom maitiid moat it hele stedsje klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)