H'fean leit talint Voest fêst

SC Hearrenfean © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Sportklup Hearrenfean hat jeugdynternasjonal Joris Voest fêstlein. It 17-jierrige talint komt út de eigen jeugdoplieding en spilet op dit stuit yn de A1.
Voest is linksback en ferovere dit jier de Supercup mei de A1 troch mei 2-1 fan Ajax te winnen. De ferdigener waard dizze simmer ek Europeesk kampioen mei Oranje ûnder de 17. Hearrenfean is tige te sprekken oer de ûntwikkeling fan Voest en beleannet him dêrom mei in kontrakt.