Archeologysk ûndersyk rotonde

By archeologysk ûndersyk by it ferkearsplein by De Jouwer binne mooglik twa plakken mei fjoerstiennen oantroffen. It giet om in foarûndersyk. Mei de oanwizings wurdt no fierder socht.
De rotonde wurdt ferfongen en dat jout gelegenheid de grûn te ûndersykjen. By it ferkearsplein binne no faak noch opstoppings yn it ferkear. Rykswettersteat wol yn 2013 mei it wurk begjinne.